Tryater 2013 - 2016

Tryater ferrommet de blik

Diel dit artikel

Goethe skreau ea dat in mins twa dingen nedich hat om ta geastlike waaksdom te kommen: woartels en wjukken. It is in metafoar dy’t Tryater brûkt yn it beliedsplan foar de kommende keunsteperioade (2013-2016).

Us woartels lizze yn Fryslân; lykas de woartels fan ús publyk. Dat gegeven foarmet de basis fan ús aktiviteiten. It behâld fan ús woartels stiet it langstme nei fleanen lykwols net yn ‘e wei. Dat langstme foarmet de wjukken. It is ús ynspiraasje. Want Tryater moat fierder sjen, wy moatte ús tiid foarút. Dat is ús doel, mar ek ús opdracht, want wy binne in Rykssubsidiearre selskip dat in bysûndere posysje hat yn it lanlike bestel fan teaterselskippen.
Fanwege dy posysje kin en móat Tryater yn Fryslân pionierje en sa mei soargje foar in bloeiend kultureel maatskiplik klimaat. Dat betsjut dat wy alle kearen wer foarm en ynhâld fan ús foarstellingen ûndersykje moatte; krekt dat betinke dat noch net earder dien is. Allegeduerigen balansearje op it rântsje fan wat it publyk fan ús ferwachtet en wat wy ús publyk graach sjen litte wolle.

En is it teater dêr úteinlik net foar bedoeld? Teater moat net allinne mar it ferwachte paad rinne, it moat júst fan 'e oare kant komme en sa in ûnsichtbere wrâld ûntslute. Mei as doel dat minsken mei in ferromme blik dyselde wrâld beskôgje kinne.