Jong Tryater

It kreëarjen en jaan fan kânsen

Diel dit artikel

In ynterne oplieding by Tryater:
It kreëarjen en jaan fan kânsen

Tryater tinkt oan de takomst. Foar de takomst fan Tryater is it wichtich dat der genôch oanwaaks is fan jonge akteurs. Underfining yn de produksjetiid fan de 11Stêdetocht leart dat der genôch jong talint yn Fryslân omrint, allinne bliuwt it lestich om dit jonge talint te berikken. Fierder is der net in profesjonele akteursoplieding yn Fryslân; de opliedingen dy’t der binne op it mêd fan teater binne net spesifyk rjochte op it spyljen. De jongeren dy’t wol op in profesjonele akteursoplieding earne oars yn it lân sitte, bliuwe faak yn it westen hingjen en de bân mei Fryslân wurdt hieltyd losser. Troch de jongeren út Fryslân yn Fryslân op te lieden, hoopje wy dat sy yn de takomst wat foar it noarden en foar Tryater betsjutte kinne.

Opset fan de oplieding

Nei de audysjes krije de nije studinten yn 2-3 kear yn de wike les fan Tryaterminsken en minsken dy’t ferbûn binne oan lanlike profesjonele teateropliedingen. Dêrnei meitsje de studinten mei in regisseur in foarstelling dy’t op toernee giet troch Fryslân. De produksjonele stipe hjirby wurdt fersoarge troch it profesjonele apparaat fan Tryater. It twadde jier is it ferfolchjier. De jonge akteurs dy’t trochgeane wurde nau belutsen by de rinnende Tryaterproduksjes en krije stipe op maat yn de foarm fan workshops en masterclasses.

Gearwurking

By dizze oplieding wurket Tryater nau gear mei de opliedingen Docent Theater fan de NHL, de oplieding MBO Artiest fan it Friesland College en de oplieding Sociaal Cultureel Werk fan de Friese Poort. Sy leverje ommers de studinten foar dit wurk-leartrajekt. Fierder sykje wy gearwurking mei oare noardlike teaterynstellingen lykas Station Noord. Dit om de studinten ûnderfining op dwaan te litten op safolle mooglik flakken fan it teatermeitsjen, wat wichtich is foar har artistike ûntjouwing en foar har kânsen.  

Jong Tryater 2014/2015:

Brian Verhagen, Carlijn Wagendorp, Carolien Tiedema, Eline de Vries, Emmanuelle Deli, Maaike Benschop, Menno Onnes, Romke Gabe Draaijer, Sjoerd Blom