Fakatueres

Diel dit artikel

Tryater siket mei yngong fan 1 jannewaris 2017 in:

Ynspirearjende (senior)meiwurker Edukaasje (0,6 á 0,7 fte)

Do fertsjintwurdigest Tryater binnen it profesjonele (jeugd-)teaterfjild. Silst benammen betsjuttingsfolle aktiviteiten ûntwikkelje foar in jong publyk en as dat nedich is ek foar oare publyksgroepen. Der is nau kontakt mei de direksje en de ôfdieling kommunikaasje. 

Klik hjir foar mear ynformaasje

Wolst sollisitearje, dan ûntfange we graach foar tongersdei 13 oktober oer de mail dyn motivaasjebrief en dyn CV.
Fermeld yn it ûnderwerp: sollisitaasje edukaasje. Doch dyn brief en CV as pdf derby as bylage. Do kinst dyn sollisitaasje stjoere nei ynfo@tryater.nl ornearre foar Valentijn Fit.



Teaterselskip Tryater siket in:


Lid Rie fan Tafersjoch

Tryater siket in kandidaat dy’t in goed kultureel netwurk yn it Noarden fan Nederlân hat, mar net streekrjocht ferbûn is oan in kulturele ynstelling yn Fryslân.

Leden fan de Rie fan Tafersjoch wurde beneamd foar in perioade fan fjouwer jier. Fierder kinne sy foar twa perioades op ‘e nij beneamd wurde.

Klik hjir foar in profylskets

Foar mear ynformaasje kinne jo terjochte by de foarsitter fan de Rie fan Tafersjoch:
Tytsy Willemsma, t.willemsma@knid.nl

Jo skriftlike reaksje kinne jo stjoere nei:

t.fopma@tryater.nl of Tryater,
t.a.f. de Rie fan Tafersjoch,
Oostersingel 70, 8921 GB Ljouwert.