Algemien

Diel dit artikel

50 jier yn 2015! Dêrmei is Tryater it âldste teaterselskip fan Nederlân. Tryater spilet klassyk en eigentiidsk repertoire oeral yn Fryslân en dêrbûten. Op mear as 60 ferskillende plakken; yn teatersealen, doarpshuzen, gymsealen, op skoallen en op lokaasje. Foar jeugd, jongeren en folwoeksenen. Tryater hat har yn de 50 jier fan har bestean ûntwikkele ta in súksesfol profesjoneel teaterselskip en realisearret jierliks goed 50.000 besiken. Yn de rinnende beliedsperioade is mear de klam lein op talintûntwikkeling en kultueredukaasje. Tryater is mear en mear maatskiplik ûndernimmer en de eigen ynkomsten spylje in hieltyd wichtiger rol. Bûten Fryslân spilet Tryater op festivals, yn Amsterdam en yn it bûtenlân.

Tryater is binnen de lanlike basisynfrastruktuer fan njoggen toanielselskippen it iennichste dat yn de Fryske taal spilet.