Mecenas

Diel dit artikel

Tryater bestie yn 2015  50 jier. Dêrmei binne wy it âldste selskip yn Nederlân. It jubileum wie oanlieding foar in nij inisjatyf, nammentlik de start fan in groep mecenassen dy’t Tryater stipet en petearpartner is.

“Goethe skreau oait dat in bern twa dingen nedich hat om ta geastlike waaksdom te kommen:
woartels en wjukken. Tryater wit dat yn Fryslân it ferlet grut is om yn de eigen Fryske taal teater te belibjen. It behâld fan de woartels (hjir yn de foarm fan it bieden fan in teaterspegel yn de eigen taal) giet by Tryater lykop mei langstme om te fleanen; Tryater ûndersiket dan ek yn har foarstellingen ferskillende artistike foarmen om de gefoelichheid, tinkkrêft en ferwûndering fan likegoed makkers as publyk oan te fjurjen. It is in útnoeging om ta in ferbyntenis te kommen, om romte te kreëarjen foar soarch foar elkoar en te spegeljen op de maatskippij; treastend, prikeljend en ynspirearjend.” Sa skreau Tryater yn it beliedsplan 2013-2016.

Kenne jo jo hjir yn werom en fine jo it belangryk om Tryater te stypjen?

Tryater hat 10 eksklusive plakken beskikber foar mecenassen. As mecenas sjogge we jo as
petearpartner en wolle we jo de artistyk ynhâldlike kant fan toaniel yn Fryslân sjen litte. Elk jier sette we in makker en de foarstelling fan dy persoan sintraal. Yn 2015 stiet de jubileumproduksje Grûn sintraal, skreaun en regisearre troch Tryater. Wy nimme jo mei yn it proses fan it meitsjen, dit bestiet û.o. út:

• In persoanlik petear mei Ira Judkovskaja, artistyk lieder fan Tryater, oer wat har driuwt en wat de motivaasje is foar Grûn

• Jo wurde útnoege foar de 1e lêzing fan Grûn (dit is in besletten lêzing dy’t net iepenbier tagonklik is foar publyk)

• Jo kinne in repetysje bywenje en dan kinne jo ek mei de regisseur en de spilers prate

• Jo wurde útnoege foar de premjêre fan Grûn en foar de premjêres fan de oare foarstellingen fan Tryater yn 2015

Hoe wurket it?

Jo binne mecenas fan Tryater mei in jierlikse skinking fan € 2.500,- . Yn in persoanlik petear mei Siart Smit, saaklik direkteur fan Tryater beprate we mei jo de mooglikheden. Tryater is in kulturele ynstelling mei ANBI-status en dêrtroch genietsje jo fan de fiskale foardielen fan skinke oan in goed doel. Op basis fan jo foarkar en winsken stalle we it pakket foar jo gear.

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Valentijn Fit, tel. 058 – 288 2335,
v.fit@tryater.nl