Tryater ferhiert

Sealferhier

Diel dit artikel

Tryater hat twa sealen: in lytse en in grutte seal. As der gjin foarstellingen of repetysjes plakfine, dan kinne jo in seal hiere, al of net mei technysk materiaal. En as jo foar in feest in bepaald kostúm sykje, dan kinne wy fêst oan jo fraach foldwaan.

Sealen, foyer, fergaderromte

  • Grutte seal:
    ôfmjitting 11 by 20 meter
    kapasiteit: Maks. 180 persoanen
    opstelling tribune, oare opstellingen mooglik 
  • Lytse seal:
    ôfmjitting 11 by 10 meter
    kapasiteit: Maks. 60 persoanen
    opstelling yn oerlis 
  • Foyer:
    kapasiteit: 120 persoanen, wêrfan 60 sitplakken 
  • Fergaderromte:
    kapasiteit: Geskikt foar 10 persoanen 
  • Lûdsstudio:
    op oanfraach beskikber foar lûdsopnamen

Mear (sub)romtes nedich? De jeugdteaterskoalle (dy't yn itselde gebou as Tryater húsfêstige is) hat trije sealen dy't wy yn dat gefal brûke kinne (as se beskikber binne).

By de hier fan sealen kinne we op basis fan jo winsken de katering fersoargje.

Foar mear ynformaasje oer ferhier fan de sealen en/of de foyer fan it Tryatergebou kinne jo frijbliuwend kontakt opnimme mei Jelly Steenstra op telefoannûmer 058 – 288 23 35 of oer de email: j.steenstra@tryater.nl