Tryater is mear as teater

Foar ferhier, (bedriuws)arranzjeminten en mear

Diel dit artikel

Tryater is alsidich en kreatyf, bringt kwaliteit en is woartele yn de regio. By Tryater wurdt 'out of the box' tocht. Gjin see is te djip, gjin berch te heech. It publyk wit it al. Mar ek hieltyd mear bedriuwen ûntdekke dat Tryater wat bysûnders te bieden hat. De ekspertize fan de meiwurkers rikt fierder as allinne de foarstellingen. Dy ekspertize wolle wy graach diele.
Stap by ús binnen en lit jo ferrasse. Us prachtige gebou, de moaie lokaasje, de bysûndere atmosfear fan ús teaterbedriuw, de iepen kommunikaasje fan ús meiwurkers. It binne in pear aspekten fan it gehiel dat wy te bieden ha.

Tryater kin in rol fan betsjutting spylje by tal fan gelegenheden.