Wy Spylje

taal, ferhaal en ferbylding

Diele

'Kultueredukaasje mei kwaliteit' is de namme fan de kwaliteitsympuls foar it basisûnderwiis yn Fryslân op it mêd fan kultueredukaasje. Tryater fersoarget de ynhâld fan ien fan de fjouwer ynspiraasjeprogramma’s mei de saakkundichheidsbefoardering Wy Spylje.

Wy Spylje

Spylje is in basisbehoefte fan it bern. Troch toaniel te spyljen fergruttest dyn ferbylding, learst omgean mei emoasjes, ynspylje op oaren en dysels út te drukken. Teater fersterket ek it fertel- en taalplezier fan it bern.

Utgongspunt fan Wy Spylje is it (eigen) ferhaal. Ferhalen dy’t de wrâld binnenhelje en dysels en de dingen in plak jouwe. Ek ûndersykje we de oansluting op it ûntwikkelingsnivo en de belibbingswrâld fan it bern. Allegear út de eigen krêft as dosint wei.

Klik hjir foar mear ynformaasje oer Wy Spylje