Freon fan Tryater

Stifting Freonen fan Tryater

Diele


Jim geane al jierren nei foarstellingen fan Tryater, of jim binne noch mar krekt entûsjast. Jim fiele jim belutsen by ús as makkers, mei de tema’s dy't Tryater oansnijt. Dan kinne jim ek Freon fan Tryater wurde! Wy ha in grutte, trouwe freoneploech. 
As Freon krije jim koarting op de foarstellingen, mar wat belangriker is: jim stypje Tryater om troch te gean mei it ûntwikkeljen fan Frysk(talich) teater. It Freonebestjoer organisearret geregeld aktiviteiten om de foarstellingen hinne.

  • De Freonen krije de programmabrosjueres tastjoerd.
  • De Freonen krije twa kear jiers de Nijsbrief tastjoerd.
  • Freonen ha rjocht op koarting op hast alle foarstellingen.
  • Freonen krije útnûgingen foar aktiviteiten dy't spesjaal foar har organisearre wurde.
  • Freonen wurde somtiden frege om mei te wurkjen 
    oan it ta stân kommen fan in produksje.
  • Freonen kinne fan 1 jannewaris 2015 ôf gebrûk meitsje fan de kollektiviteitskoarting fan De Friesland Zorgverzekeraar.

De Freonebydrage is € 20,-  (jildich foar twa persoanen) of € 50,- foar in Freon Pluspas (ekstra foardielen) per seizoen, mar mear mei ek.