De wierheid fan Wylgeragea

In grimmitich-grappich labyrint fan wierheid en geroften

04 oktober o/m 18 desimber
Hoe dreech oft it is om de nuânse te bewarjen yn in tiid wêryn’t ûnbehagen en ûnwissichheid tanimme.

Diel dit artikel

Yn in lyts doarpke is alles goed. De minsken witte wat se oan mekoar ha. Famyljes kenne mekoar al generaasjes lang. Dat jout rêst en fertrouwen. Hjir stappe de minsken op bêd sûnder de doar op slot te draaien. Oant der in skaad falt oer de lytse mienskip. Der wurdt ynbrutsen. En dan binne de rapen gear. Unheil folget. Geroften wurde fertinkingen en fertinkingen wurde beskuldigingen. Oant de dieder fûn wurdt, sil it noait wer wurde sa’t it wie.

In groep minsken, in mienskip, kin samar in eigen wrâld kreëarje: De mieningen fan de yndividuën yn dy mienskip foarmje meimekoar in eigen sosjale kontekst. Los fan wierheid, fuortkommen út oanstriid ta selsbehâld. Wa hat gelyk…? En wêr kin soks ta liede?

Decor Westergeest (c ) Ekko De Bakker

foto: Ekko de Bakker

Gjin stuollen yn de seal by dizze foarstelling: Tryater komt foar De wierheid fan Wylgeragea nei de teaters en doarpshuzen mei in dekôr dat ek tribune is. Publyk sit tsjin mekoar oer en sjocht yn it midden it ferhaal fan De Wierheid fan Wylgeragea ûntstean.

It stik is gjin whodunit. De foarstelling lit sjen hoe dreech oft it is om de nuânse te bewarjen yn in tiid wêryn’t ûnbehagen en ûnwissichheid tanimme. Mei humor en kompassy sjogge we hoe ferskillend oft minsken reagearje as se harren bedrige fiele. De ien flechtet, de oar wurdt agressyf, in tredde lûkt him werom en oaren besykje rêstich te bliuwen. Regisseur Jos van Kan: ‘De inbraak in dit verhaal is een metafoor voor elke inbreuk op het gevoel van veiligheid. Het gaat om de vraag: Hoe kunnen laten we gemeenschapszin behouden en tegelijk open staan voor de buitenwereld?’

Twa seizoenen lyn wie De wierheid fan Wylgeragea te sjen yn de Sneak Previews fan Tryater. Regisseur Jos van Kan wurke dit seizoen mei tekstskriuwer Kees Roorda en de akteurs fierder oan de foarstelling.  

Kees Roorda (Ljouwert, 1967, opgroeid yn Drachten, wennet yn Amsterdam) skreau De wierheid fan Wylgeragea. Romke Toering hat it stik oersetten nei it Frysk. It stik wurdt regissearre troch Jos van Kan (Eindhoven, 1962, opgroeid yn Someren-Eind, wennet op Skiermûntseach), dy’t mear as tachtich toanielstikken, muzykteaterfoarstellingen en opera’s ensenearre en yn Nederlân, Dútslân en Azië wurket. Van Kan makke ferline jier by Tryater In Leafde en Brekber yn Keramiekmuseum Princessehof.

Tryater wol mei har publyk yn petear komme oer it tema fan de foarstelling en organisearret dêrom op ferskate lokaasjes ekstra aktiviteiten, lykas keukentafelpetearen, ynspiraasjejûnen en ynliedingen.

 

Bij de voorstellingen in de theaters zijn oortjes met de Nederlandse vertaling van de tekst beschikbaar.

 


Theaterkrant ****:

‘Speelse setting en vlotte dialogen. Geestige regie van Jos van Kan.’

 

Leeuwarder Courant ****:

‘Each yn each mei de aktualiteit. Alle rollen wurde izersterk delset. Der is gjin ûntkommen oan. It is in boppeslach wurden.’

 

Friesch Dagblad:

‘Uitgesproken en humoristisch. IJzersterke dramatische verbinding tussen vorm en inhoud.’ 

 

Tryater jout romte om oars te tinken. We fine fragen nijsgjirriger as antwurden. We binne altyd op ûndersyk út en prate graach mei jim. Ek by De wierheid fan Wylgeragea. Dêrom organisearje we keukentafelpetearen, ynspiraasjejûnen, workshops en oare projekten. 

 

22 septimber     besletten   Westergeast   Keukentafelpetear    besletten 
2 oktober    19:30   MFC De Tredder, Westergeast   Fesper troch ds. De Boer yn it dekor fan De wierheid fan Wylgeragea     
28 septimber, 4 oktober        CBS De Bining Westergeast   Workshop   besletten
5 oktober   19:15   MFC De Tredder, Westergeast   Ynlieding foar Freonen fan Tryater    
5 oktober   21:45   MFC De Tredder, Westergeast   Neipetear foar Freonen fan Tryater    
18 oktober   20:00   Wommels   Keukentafelpetear    besletten
12 novimber   19:30   De Lawei, Drachten   Ynlieding    
13 novimber   13:00   De Lawei, Drachten   Ynlieding    
14 novimber   18:00   Lewinski, Snits   Aan tafel!    
17 novimber   20:00       De Moanne Live    
                 

 

 

Dizze aginda wurdt hieltyd oanfuld.

 

Bestel kaarten
Sjoch ek
Lak mei!

22-06
Nijs