Breidzje (4+)

In filosofyske foarstelling oer groeie

20 oktober o/m 08 desimber
Breidzje giet oer ferwûndering. Oer groeie en grutter wurde. Oer neitinke oer letter en weromsjen op hoe’t it earst wie.

Diel dit artikel

Hiel lang lyn, earne op in plak yn de wrâld, leauden de minsken dat it libben as in wollen tried wie. Stel dat dat sa wie, wat kinst dan mei dy tried? Kinst der dan in moaie trui fan breidzje?

Mar ast dan grutter wurdst? Wat bart der dan?  Groeit dy trui dan mei dy mei?

Samar fansels? Of is it sa datst sa hurd groeist datst der út groeist? Wolst him dan ôfraffelje om der in nije trui fan te breidzjen? In moaiere? En wat dan as it kleauntsje wol yn ’e tiis rekket?                                

Breidzje giet oer dy ferwûndering. Oer groeie en grutter wurde. Oer neitinke oer letter en weromsjen op hoe’t it earst wie. Leare, sels útfine, feroarje. Folgje dyn wollen tried en sjoch wêr’tst útkomst…

Breidzje wurdt spile foar bern út de groepen 1/2 op basisskoallen rûnom yn Fryslân en Grins én fan 20 o/m 22 oktober op Festival De Betovering yn Den Haag.

Sjoch ek
Breidzje

Edukaasje