Teater, hoe wurket dat?

Meitsje sels in foarstelling

Diele

Yn ús teaterseal sleutelje learlingen sels in sêne yn inoar. Mei ljocht, lûd, dekôr, kostúm, regy en spul. As ynlieding op CKV, om gear te wurkjen of as ynspiraasje foar in eigen foarstelling.

Under begelieding fan in teaterdosint meitsje se yn twa oeren in lytse foarstelling. Se meitsje kennis mei de fjouwer fazes fan teatermeitsjen: it idee, it ûntwerp, de repetysje en de foarstelling, ynklusyf it produksjeoerlis wêryn de nommen beslúten toetst wurde. It totaal wurdt ôfslúten mei de presintaasje. Foar dekor, ljocht en lûd wurdt gebrûk makke fan de fasiliteiten fan Tryater.

Passend foar learlingen yn it foartgeset ûnderwiis, sawol ûnderbou VMBO/HAVO/VWO, as CKV boppebou, ôfhinklik fan wêr dit it beste yn it lesprogramma fan de skoalle past.

 

Praktyske ynformaasje

Wêr: Tryater – grutte seal
Troch: Teaterdosinten fan Tryater
Tiiden: yn oerlis
Duorret: 2 lesoeren
Kosset: € 125,- per klasse

'Teater, hoe wurket dat?’ is ûntwikkele troch Tryater en Stadsschouburg De Harmonie en basearre op de tentoanstelling en worksjop ‘Backstage’ fan it TIN. ‘Teater, hoe wurket dat?’ wurdt finansjeel stipe troch de Gemeente Ljouwert.